Ferlies foar Neways yn 2003

02 mrt 2004 - 00:00

Elektroanikabedriuw Neways hat ferline jier in ferlies boekt fan 6,3 miljoen euro. Benammen yn de earste helte fan 2003 foelen de klappen. Yn de twadde helte fan it jier gie it better, sa hat de direksje tiisdei bekend makke.

Dy direksje bestiet sûnt ferline jier út twa persoanen. Topman Doorenbos moast opstappe fanwegen de minne sifers. Yn 2002 hie Neways in ferlies fan fjouwer miljoen euro. It bedriuw hat ûnder oare in festiging yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)