Ferlies foar Mid-Fryslân

11 sep 2011 - 16:35

De kuorballers fan Mid-Fryslân binne snein as debutant yn de eareklasse tsjin in 16-14 ferlies oanrûn. Yn Amsterdam wie Blauw Wit de tsjinstanner. De ploech fan trainer Peter Tolsma stie mei rêst 9-6 efter, mar yn de twadde helte waard de efterstân hast dien makke.

De Fryske kuorbalklup wurdt sjoen as de minste dielnimmer yn de eareklasse. Mar neffens trainer Tolsma hie de wedstriid yn Amsterdam ek in lykspul wurde kind.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)