Ferlies foar Mid-Fryslân

16 feb 2008 - 20:13

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon yn de striid om it kampioenskip fan de haadklasse A djoere punten lizze litten. De ploech út Reduzum/Grou ferlear yn de eigen sporthal De Twine mei 22-21 fan Drachten.

It wie in spannende wedstriid, dy't pas nei 17-17 yn it foardiel fan Drachten beslikke waard. Konkurrint AKC kin dit wykein op ien punt komme. Ek Drachten is noch net útskeakele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)