Ferlies foar Mid Fryslân

18 feb 2007 - 16:14

De kuorballers fan Mid Fryslân hawwe snein mei 13-12 ferlern fan Rohda. It wie in echt degradaasjeduel yn de haadklasse A, dy't wol spannend bleau oant de ein ta. Yn it skoft wie de stân noch 6-5 foar Mid Fryslân. By winst hie Mid Fryslân hanthavening yn de haadklasse feilichstelle kinnen.

De oare haadklasser, SCO, spile mei 13-13 lyk tsjin VADA 1925. SCO stie eins de hiele wedstriid foar, mar koe de oerwinning net oer de streek lûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)