Ferlies foar Jong Hearrenfean

12 sep 2006 - 11:51

Jong Hearrenfean hat moandei de útwedstriid tsjin jong Ajax mei 1-0 ferlern. De Friezen hiene as opdracht krigen om der fuort fan it begjin ôf fol yn te gean, mar spitigernôch tocht de tsjinpartij der krekt sa oer en diene sy dat justjes better. John Goossen skoarde nammentlik yn de 4e minút. De Friezen krigen noch wol in pear kânsen, mar skoarden net.

Beide ploegen hawwe no 6 punten út 3 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)