Ferlies foar Jong Hearrenfean

31 mrt 2006 - 11:01

Jong Hearrenfean hat tongersdei de ynhelwedstriid tsjin jong NEC mei 3-1 ferlern. De ploech út Nijmegen wie fan it begjin ôf folle sterker as de Friezen. NEC kaam dan ek al gau op in foarsprong. Yn de twadde helte skoarde Lasse Nilsson noch wol de lykmakker, mar NEC koe dêrnei noch twa kear skoare.

In pear wike lyn wie de wedstriid troch it winterwaar twa kear útsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)