Ferlies foar Harkemase Boys

03 okt 2009 - 17:26
  • Trainer Henk de Jong

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat op eigen fjild mei 3-0 ferlern fan HHC Hardenberg. Yn in oantreklike earste helte krige Harkemase Boys in protte kânsen. Martijn Barto sei nei ôfrin dat hy wol fjouwer goals meitsje moatten hie.

HHC wie wol trefseker en makke yn de earste helte trije doelpunten. De twadde helte wie minder as de earste. Dyselde Martijn Barto miste noch in strafskop. Harkemase Boys hat no 4 punten út 4 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)