Ferlies foar Harkemase Boys

21 mrt 2009 - 16:53

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat op sportpark De Bosk mei 2-0 ferlern fan Genemuiden. Yn in oantreklike earste helte soarge Rainier Resokario fan Genemuiden foar in 1-0 foarsprong.

Yn de twadde helte spilen de Boys in grut part mei tsien man nei de reade kaart foar Patrick Goedhart. Yn de blessueretiid foel de 2-0 foar Genemuiden. It wie it twadde ferlies op rige foar de Harekiten. Ferline wike waard yn Rijssen mei 1-0 ferlern fan Excelsior'31.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)