Ferlies foar haadklassers

04 nov 2006 - 17:32

De topper yn de sneonshaadklasse fuotbal tusken HHC út Hardenberg en ONS Snits is mei 2-1 wûn troch HHC. ONS kaam yn de earste helte op in 1-0 efterstân troch in eigen doelpunt fan Leo de Wagt. Yn de twadde helte makke HHC 2-0. Ton Haarman makke yn de 83ste minút noch 2-1.

Harkemase Boys spile op de Bosk tsjin ACV út Assen. De Harekieten ferlearen mei 1-0. Harkemase Boys krige in soad kânsen, mar de bal woe der net yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)