Ferlies foar fuotbalfroulju

19 apr 2014 - 13:25
  • Trainster Jessica Torny

De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean ha freed mei 3-1 ferlern fan Telstar. Op eigen fjild kamen de Feanfroulju al nei 17 minuten op efterstân. Fiif minuten foar rêst krige Daniëlle Kuikstra in knappe kâns op de lykmakker, mar har skot gong oer.

Yn de twadde helte wie it opnij Telstar dat it fizier op skerp hie. Troch twa treffers fan Lavinia Poku kamen de gasten út Velsen-Zuid op in komfortabele 3-0 foarsprong. In kertier foar de ein mocht Maruschka Waldus út namme fan SC Hearrenfean fan 11 meter ôf de einstân op it boerd sette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)