Ferlies foar Flyers

01 mrt 2003 - 00:00

IIshockeyklup Formido Flyers fan It Hearrenfean hat freed de earste wedstriid fan de play-offs ferlern. Yn Nijmegen waard it yn de ekstra tiid 6-5. Yn de gewoane tiid wie it 5-5 wurden.

Nijmegen en de Flyers meitsje yn de play-off út wa't trochgiet nei de finale. Wa't it earst trije wedstriden wint, giet troch. Sneintejûn is de twadde moeting tusken de iishockeyploegen, op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)