Ferlies foar Drachtster Boys

07 sep 2013 - 17:08
  • Drachtster Boys

Drachtster Boys is de kompetysje yn de haadklasse sneon úteinset mei in 3-2 ferlies tsjin SVZW. Yn Wierden kaam de ploech fan Fred de Boer betiid op efterstân troch in penalty. Foar rêst wreide SVZW de marzje út nei 2-0.

Nei rêst hie kaam SVZW op 3-0, wêrnei't Drachtster Boys it inisjatyf oernaam. Iloba Achuna soarge foar nije kriich by de Drachtsters mei de oanslutingstreffer. Krekt foar de ein wie it Willem de Jong dy't foar de 3-2 tekene. Yn blessueretiid slaggen de Drachtsters der net mear yn om in punt te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)