Ferlies foar Cambuur beloftes

01 nov 2005 - 00:00

Jong Cambuur hat moandeitejûn mei 1-0 ferlern fan Omniworld. Yn Almere like de wedstriid lang yn 0-0 te einigjen, mar ien minút foar tiid makke de thúsploech dy ienige goal. Cambuur stiet no ien nei lêste mei fjouwer punten út sân wedstriiden.

Ûnder de latte by Cambuur stie Sjouke Kingma, dy't syn debút makke by de beloftes. Hy is werom kaam fan in aventoer by Werder Bremen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)