Ferlies foar Cambuur-beloftes

18 okt 2005 - 00:00

Jong Cambuur hat moandeitejûn mei 3-1 ferlern fan de beloftes fan Veendam. Yn it bekertoernoai waard der noch mei 2-1 wûn fan deselde ploech.

Moandei spile Jong Cambuur in goede wedstryd, mar Veendam gie better mei de kânsen om. Yn it skoft wie de stân 2-1. De goal fan Cambuur waard makke troch Tarek Hashemi. Yn de twadde helte krigen de Ljouwerters in pear kânsen, mar wie it wer Veendam dat skoarde. Cambuur stiet no tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)