Ferlies foar Cambuur

12 aug 2011 - 22:29

Cambuur hat de earste thúswedstriid fan it seizoen mei 1-0 ferlern fan FC Eindhoven. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 43e minút út in penalty.

Leon Hese makke in oertreding yn it 16 meter gebiet, krige in reade kaart en Theo Lucius benutte de takende strafskop. Mei tsien man wie Cambuur yn de twadde helte de bettere, mar de Ljouwerters kamen net oan skoaren ta. Oguhzan Türk krige yn blessueretiid syn twadde giele en dus reade kaart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)