Ferlies foar Cambuur

14 des 2007 - 22:55

Cambuur hat de lêste thúswedstriid fan dit jier freed mei 1-0 ferlern fan Stormvogels/Telstar. De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 40e minút en kaam op namme fan Frank Korpershoek. Cambuur spile in minne wedstriid. De Ljouwerters rûnen 90 minuten achter de tsjinstanner en de feiten oan. Troch dit ferlies is it perspektyf op in goeie fjirde perioade wer fier fuort.

Nije wike is de lêste wedstriid fan dit jier: út tsjin Go Ahead Eagles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)