Ferlies foar Cambuur

05 nov 2000 - 00:00

Cambuur hat sneontejûn yn Deventer mei 3-1 ferlern fan Go Ahead Eagles. Healwei de earste helte kaam de Ljouwerter klub op achterstân doe't Van Arum skoarde nei't Cambuur in ferdigeningsfout makke.

Nei rêst soarge Goudmijn foar lykspul. Yn de 75e en 82e minút beslisten De Weerdt en Muhlack de wedstriid yn it foardiel fan de thúsploech. Cambuur stiet op 13 punten út 11 wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)