Ferlies foar Broekster Boys

27 nov 2000 - 15:17

Twadde klasser Broekster Boys spile sneon foar de beker tsjin haadklasser Snits. De Boys krigen thús yn Damwâld fiif goals om 'e earen.

Dochs docht Broekster Boys it goed yn 'e kompetysje. Mei in plakje by de earste trije meitsje se noch kâns op de titel. Njoggen jier ferlyn spilen de clubs op it heechste nivo tsjininoar. De Damwâldsters wûnen doe mei 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)