Ferlies foar Balk en winst foar Bûtenpost

23 maaie 2015 - 16:50

De fuotballers fan Balk spylje takom jier gewoan wer yn de earste klasse. Yn de pûl om promoasje ferlearen de Balksters sneon mei 1-0 fan Urk. De earste wedstriid ferlear de ploech fan Dick Sangers ek al mei 1-0 by DETO.

Bûtenpost begûn de neikompetysje goed mei 3-1 winst by Sparta. Yn Enschede kaam Bûtenpost al betiid op efterstân troch in eigen treffer. Nei rêst soarge Joran Olijve foar de 1-1. Martijn van Roeden en Rob Dijkstra lutsen de winst oer de streek. Nije wike sneon nimt Bûtenpost it thús op tsjin LRC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)