Ferlies Flyers yn ferlinging

08 mrt 2013 - 23:36
  • IIshockey

De Unis Flyers ha de earste wedstriid yn de play-offs yn en fan Tilburg nei ferlinging mei 5-4 ferlern. Trije kear kamen de Feansters op foarsprong. Kevin Bruijsten wie foar de Flyers wer goud wurdich. Hy sette de Flyers op foarsprong en makke nei de lykmakker fan de thúsploech ek de 1-2. Nei de 2-2 wie it Gerald Pollastrone dy't de 2-3 makke en Bruijsten, yn de tredde perioade, de 2-4. In stunt like helber, mar it waard dochs noch 4-4. Yn de ekstra tiid wie Tilburger Ivy van den Heuvel de lokkichste man. Sneon yn Thialf wedstriid twa.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)