Ferlies Flyers tsjin Tilburg

04 okt 2014 - 22:08

De iishockeyers fan de UNIS Flyers ha de earste wedstriid om de Ron Berteling skaal, de supercup fan it iishockey, mei 4-2 ferlern fan Destil Trappers Tilburg. Op it iis fan Thialf seach it publyk yn de earste perioade gjin goals. Yn de twadde perioade sette Bob Teunissen Tilburg op foarsprong en makke Tony Demelinne de lykmakker. Troch Ivy van den Heuvel en Peter van Biezen waard it 3-1 foar Tilburg.

Dax van de Velden brocht de spanning yn de lêste perioade werom, mar Van Biezen hie it lêste wurd. Sneintemiddei is de twadde (út)wedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)