Ferlies Flyers tsjin Nijmegen

25 okt 2008 - 23:32

De iishockeyers fan de Hajé Flyers fan It Hearrenfean ferlearen sneontejûn op it eigen iis mei 4-3 fan Nijmegen. De earste perioade wie mei 2-0 foar Nijmegen. William Reber en Hans Kroon setten de thúsploech yn de twadde perioade op 2-2.

Yn de tredde perioade gong it dochs noch mis. Binnen in pear minuten stiene de Dar Devils fan Nijmegen op in 4-2 foarsprong. Nick de Jong makke noch wol it tredde Feanster doelpunt, mar fierder kamen de Flyers net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)