Ferlies Flyers tsjin Geleen

29 jan 2010 - 23:28
  • Foto: Martin de Jong

De Hajé Flyers ha freedtejûn mei 5-3 ferlern fan de Ruijters Eaters Geleen. Op it eigen Thialfiis wûn Geleen de earste perioade mei 2-1. De twadde perioade wie mei 3-2 ek foar Geleen. Yn de lêste tweintich minuten foelen der gjin doelpunten mear. Geleen stiet no twadde, de Flyers fjirde.

Nijmegen wûn mei 4-0 fan HIJS Den Haach en bliuwt fier boppe-oan. Sneon spylje de Flyers de útwedstriid tsjin Amsterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)