Ferlies fan soad banen by ING

07 nov 2012 - 07:50
  • It ING-kantoar yn Ljouwert

By de ING ferdwine 1000 banen. Dat hat it bedriuw woansdei bekend makke. De bank wol sa 260 miljoen euro oan kosten besparje. Dêrneist wurdt nochris 200 miljoen besparre troch it skrassen fan 1350 banen by Nationale-Nederlanden, in ûnderdiel fan ING.

Wêr't de ûntslaggen krekt falle, is noch net bekend makke. ING hat ûnder oare in kantoar yn Ljouwert en banken op meardere plakken yn Fryslân. De besparringen soene yn 2015 helle wêze moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)