Ferlies en lykspul yn haadklasse

22 okt 2006 - 16:53

Sneinshaadklasser Snits hat op it eigen fjild mei 2-1 ferlern fan WKE út Emmen. Yn de earste helte kaam Snits op in 1-0 efterstân, mar Jerell Wolfgang makke noch foar it skoft de lykmakker. Yn de twadde helte makke Jozef Oosting de beslissende treffer dy't soarge foar de 2-1 winst foar WKE.

De Jouwer spile sneintemiddei 1-1 lyk yn Grins tsjin Be Quick 1887. Oebele Schokker makke it doelpunt foar De Jouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)