Ferlies en lykspul yn haadklasse

10 apr 2006 - 10:13

Sneinshaadklasser De Jouwer hat snein yn Groesbeek mei 3-0 ferlern fan De Treffers. Yn de earste helte wienen de Treffers oppermachtich. Yn de twadde helte kamen der mear kânsen foar De Jouwer, mar oanfaller Johnny Dölle kaam net ta skoaren.

De oare haadklasser, Snits, spile thús tsjin Stevo. Dizze wedstriid einige yn 1-1. Yn de 14e minút kaam Stevo op 0-1. Yn de 68e minút makke Lútzen Brink de lykmakker.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)