Ferlies Aris yn Weert

07 jan 2009 - 08:18
  • Matt Bauscher fan Aris

De basketballers fan Aris Friesland ha de earste wedstriid fan 2009 ferlern. Yn Weert wûn de thúsploech mei 97-93. De ferskillen wiene lyts. Healwei de wedstriid stiene de Ljouwerters ien puntsje foar: 47-46.

Matt Bauscher (24 punten) en Rein van der Kamp (19 punten) wiene de tûkste spilers by Aris. Aris en Weert ha no beide 14 punten út 19 wedstriden en stean dêrmei op in dield achtste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)