Ferlies Aris yn lêste sekonden

15 maaie 2013 - 22:01
  • Aris tsjin Leiden
  • Leiden-Aris

De basketballers fan Aris ha yn de earste wedstriid om it Nederlânsk kampioenskip yn de lêste fiif sekonden de winst ferspile. Doe makke Mike Schachtner foar thúsploech Leiden in trijepunter en brocht de einstân op 74-73. In soer ferlies foar Aris, de sensaasje fan it seizoen. Healwei stie it 39-38. In sterk begjin fan de Ljouwerters yn it tredde kwart, mei Whit Holcomb yn de haadrol, brocht Aris op foarsprong. It team fan Erik Braal begûn mei tsien punten foarsprong oan it lêste kwart (58-48). Mei troch eigen flaters waard it in sneu ferlies.

Whit Holcomb wie mei 25 punten fierwei de bêste skutter fan it fjild. Yn de reguliere kompetysje ferlear Aris trije kear fan Leiden en waard yn it Kealledykje ien kear wûn. Sneon komt Leiden, de kampioen fan 2011, nei Ljouwert foar de twadde wedstriid. De ploech dy't it earst fjouwer kear wint is kampioen fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)