Ferlies Aris yn Bergen op Zoom

01 maaie 2010 - 22:05

De Friesland Aris hat de earste heale finale fan de play-offs yn en tsjin Bergen_op_Zoom mei 93-80 ferlern. It begjin fan de Ljouwerters wie net goed. De Giants rûnen út nei 22-11. Nei it earste kwart stie der 24-21 op it boerd, healwei wie de stân 46-37.

Nei it tredde kwart wie it ferskil amper grutter: 68-58. Yn it lêste kwart kaam de tûke rite fan Aris net. Bergen_op_Zoom wûn sadwaande ek it lêste kwart mei 25-22 en dat brocht de einstân op 93-80.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)