Ferlies Aris; wol play-offs

13 mrt 2012 - 23:05
  • Aris

De basketballers fan Lasaulec Aris hawwe tiisdeitejûn de kompetysjewedstriid tsjin Weert mei 81-71 ferlern. Yn de earste helte fan de wedstriid die Aris it noch goed. By rêst stienen de Ljouwerters mei 35-31 foar. Nei it skoft klapte de ploech as in kaartehûs ynelkoar. Aris waard folslein oerrûn troch Weert en kaam der net mear oan te pas, mei de einstân fan 81-71 ta gefolch. Nettsjinsteande it ferlies is Aris wol pleatst foar de play-offs. It neigesetsje fan de kompetysje begjint op 19 april.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)