Ferlet foarsjennings yn krimpdoarpen mooglik oerdreaun

26 feb 2015 - 12:29

De klam dy't lein wurdt op goede foarsjennings yn krimpdoarpen, is mooglik wat oerdreaun. Dat sei kultureel geograaf Tialda Haartsen fan de Ryksuniversiteit fan Grins woansdeitejûn op in lêzing fan de Fryske Akademy, Tresoar en it Friesch Dagblad. Wylst der in soad minsken binne dy't soks wol nedich ha, binne der ek hieltyd mear minsken dy't hielendal net aktyf wêze wolle yn in doarp.

Ek al driigje de winkel en skoalle te ferdwinen, der kin dochs hiel noflik wenne wurde yn in doarp dat hieltyd mear kwytrekket, is de konklúzje.

Ien en oar betsjut net dat der neat hoecht te gebeuren yn gebieten dêr't it tal húshâldings hurd weromrint. Neffens Haartsen moatte der no echt knopen trochhakt wurde. Ekonoom Harry van Waveren pleite bygelyks foar in sloopfûns om wenten te slopen yn gebieten dêr't no eins fierstente folle huzen stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)