Ferlet fan Wâldbeantsjes

18 apr 2014 - 12:45
  • Kok Jeroen Drenth mei opwaarmmiel 'fan Fryske grûn'

De opwaarmmielen fan Earlik Ite Fryslân út Grou falle sa goed yn de smaak, dat der gau ferlet is fan nije partijen Fryske grienten en ierdappels. Benammen Wâldbeantsjes, mar ek Irenes en Reade Star binne populêr.

Earlik Ite Fryslân is yn desimber 2013 úteinset mei mielen op basis fan Fryske streekprodukten. Alle wiken wurde der hast seishûndert makke foar Fryske supermerken en Tafeltje Dekje. De ambysje is om dêr dit jier noch tûzen fan te meitsjen.

Kok Jeroen Drenth ferklearret it súkses troch it ferlet oan ferantwurde, duorsum iten.
Earlik Ite Fryslân sil yn gearwurking mei stichting Wâldfrucht en ierappelgruthannel Greydanus & Brouwer fan It Hearrenfean om nei nije túnkers en ierappelbouwers sykje dy't it guod oanleverje kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)