Ferlet fan software-engineers

15 okt 2012 - 17:31
  • NHL yn Ljouwert

De oplieding ta software-engineer by de Noardlike Hegeskoalle NHL yn Ljouwert slút sa goed oan by it bedriuwslibben, dat der eins te min studinten binne. Dat seit Angela Schat, it haad fan de ôfdieling Engineering by de NHL. Dêrmei ûnderskiedet de NHL him fan in soad oare opliedings, wêrfan bedriuwen as Stork en AkzoNobel sizze dat de oplieding net oanslút by de fraach op de arbeidsmerk.

De multinationals kinne gjin goeie IT-ers krije en driigje sels it wurk te ferpleatsen nei lannen as Yndia. Dat kin in soad banen kostje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)