Ferlet fan hûndert 'maatjes'

03 aug 2010 - 16:04
  • Foto: Omrop Fryslân

Der is grut ferlet fan frijwilligers dy't in pear oeren yn 'e wike wat dwaan wolle mei minsken mei in beheining. Dat kin in lichaamlike, in geastlike of in sosjale beperking wêze. De stichting Aan Zet regelet it kontakt tusken frijwilligers en beheinden.

Aan Zet siket op koarte termyn hûndert 'maatjes'. Dy hoege gjin spesifike dingen te dwaan. It mei wol, mar gewoan kofjedrinke is yn guon gefallen ek wol genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)