Ferlet fan F-16 piloaten

31 okt 2014 - 21:09

De fleanbasis yn Ljouwert hat driuwend ferlet fan piloaten. Freed makke de loftmacht bekend dat der in grut tekoart oan strieljager- en helikopterpiloaten is. Alle jierren moatte der 50 piloaten by komme, mar yn de praktyk hellet definsje noch net iens de helte. In kampanje, mei ûnder oaren turner Epke Zonderland, moat dêr feroaring yn bringe. Nettsjinsteande it feit dat it tal F-16's yn de takomst minder wurde sil, is der dochs ferlet fan piloaten, seit kommandant Gerbe Verhaaf fan de fleanbasis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)