Ferlet fan asylsikerssintrum

24 nov 2007 - 12:28
  • it AZC yn Drachten kin noch grutter wurde

Mei ferskate Fryske gemeenten wurdt ûnderhannele oer de festiging fan in asylsikerssintrum. Dat seit wurdfierder De_Vetten fan it COA. Der is driuwend ferlet fan mear sintra.

It tal minsken dat yn Nederlân asyl oanfreget, is de lêste oardel jier wer wat tanaam. Dêrneist gean minder asylsikers fuort. Dat komt troch de pardonregeling. Fan de besteande Fryske sintra wurdt Drachten útwreide. By de oaren is gjin romte mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)