'Ferlerne generaasje driget'

22 feb 2013 - 16:39

Der driget in ferlerne generaasje te ûntstean as der net genôch stipe is om jongeren oan it wurk te helpen. Dat seit Selma Altena, koördinator fan in provinsjaal projekt om wurkleazens ûnder de jongere generaasje oan te pakken.

De jeugdwurkleasheid is in grut probleem. Lanlik sit 15% fan de jongeren sûnder wurk. Yn Fryslân hawwe op dit stuit goed fjouwertûzen jongeren oant 27 jier gjin baan. De provinsje Fryslân slagge der yn de ôfrûne trije jier yn om mei it aksjeplan jeugdwurkleazens tûzenen jongeren oan in baan te helpen.

Oan in nij projekt wurdt op dit stuit wurke. Foar jongerein mei in beheining is dêr Europeesk jild foar beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)