Ferkrêfting troch GHB-drug?

13 mrt 2002 - 00:00

Twa froulju binne mooglik ferkrêfte nei't se troch de drug GHB bedwelme wiene. Resjerzje ûndersiket de oanjefte fan de froulju. Se wienen fan it wykein mei har trijen op stap yn Ljouwert yn in bar-dancing.

Op wei nei hûs binne se achterfolge. In man soe him thús oan har fergrepen ha. Plysje en justysje dogge noch gjin útspraak. De hoareka reagearre skokt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)