Ferkrachtingssaak oplost fia DNA

11 jul 2003 - 00:00

Mei help fan DNA-ûndersyk hat de plysje in ferkrachtingssaak út 2002 oplost. In 24-jierrige Hearrenfeaner is dêrfoar koartlyn oanhâlden. De man wurdt der fan fertocht op 14 april 2002 in frou yn har sliepkeamer ferkracht te hawwen, neidat er har keamer binnendrong wie.

Dit jier hat de man frijwillig DNA ôfstien. Dat is gelyk oan it DNA dat yn de wente fan it slachtoffer fûn is. Undersyk moat útwize oft de man ek by oare oanrandingssaken belutsen west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)