Ferkoarte stúdzjes by NHL

16 jun 2008 - 12:03
  • NHL wurket gear mei Iepen Universiteit

De NHL stoart him op de wurkjende Fries. Troch in gearwurkingsferbân mei de Iepen Universiteit wol de NHL ferkoarte trajekten oanbiede dy´t it foar minsken dy´t al wurkje, makliker meitsje moat om dêrneist te learen.

Der is faak neist it wurk te min tiid om in ekstra oplieding te folgjen, ek al is der hieltyd mear ferlet fan minsken dy´t byleare. Mei help fan frijstellings, saneamde ûnderfiningssertificaten, moat in stúdzje oan de NHL minder tiid kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)