Ferklearring Sweltsjes nei KNVB

24 nov 2005 - 10:04

Fuotbalklub Ljouwerter Sweltsjes hat in ferklearring stjoerd nei de tuchtkommisje fan de KNVB, nei oanlieding fan de fjochtpartij fan ôfrûne sneon. Dêr stiet yn wat der neffens de Sweltjes krekt bard is yn de wedstryd tsjin Friese Boys.

De wedstryd is nei 55 minuten stillein troch skiedsrjochter Jaap Kraak fanwege ûngeregeldheden. It is noch net dúdlik wannear't de tuchtkommisje útspraak docht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)