Ferkiezingsmerk yn Burgum

24 feb 2014 - 21:38
  • De ferkiezingsmerkt yn de hal fan it gemeentehús yn Burgum.

Yn it gemeentehûs yn Burgum hawwe de sân politike partijen fan Tytsjerksteradiel moandeitejûn de ferkiezingsmerk iepene. Elke partij hat yn de hal fan it gemeentehûs in diske dêr't besikers ynformaasje krije kinne oer de stânpunten fan de partij. De listlûkers iepenen de ferkiezingsmerk. De kommende wiken binne sy en de oare kandidaat-riedsleden oanwêzich om fragen fan besikers te beäntwurdzjen.

De ferkiezingsmerk bliuwt stean oant de ferkiezings op 19 maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)