Ferkiezingskaravaan by NHL

07 jun 2004 - 00:00

Tongersdei binne de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Om de opkomst fan jongeren te stimulearjen, lit de oerheid in ferkiezingskaravaan it lân trochride. De Noardlike Hegeskoalle Ljouwert wie moandei oan bar.

In protte jongeren wolle wol stimme, mar witte net wêrop, of witte net wat de ferkiezings ynhâlde. De karavaan, twa karavans, reiziget dêrom by skoallen en eveneminten lâns, mei folders, spultsjes en aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)