Ferkiezingskampanje giet los

14 okt 2013 - 10:06
  • Ferkiezings

Mei it hisen fan it seil fan it skûtsje fan Grou wurdt woansdei de ferkiezingskampanje úteinset. It giet om tuskentiidse riedsferkiezings foar de nije gemeenten De Fryske areren, Hearrenfean en Ljouwert.

Yn en om it gemeentehûs fan Boarnsterhim is middeis in byienkomst. Dêrby wurde ek de publisiteitsaksjes bekend makke. De seis belutsen boargemasters binne frege om it seil mei it logo fan de kampanje te hisen.

Fan 2014 ôf foarmje Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân de nije gemeente De Fryske Marren en de gemeente Boarnsterhim wurdt ferdield oer fjouwer gemeenten. De ferkiezings binne op 13 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)