Ferkiezings:Frjentsjerteradiel

18 mrt 2014 - 14:19
  • Gemeente Frjentsjerteradiel
  • Wethâlder Joop Bekkema fan Frjentsjerteradiel

Woansdei binne de gemeenteriedsferkiezings. Yn de oanrin dernei ta hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken. Ferslachjouwers binne op 'n paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Wat foar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Frjentsjerteradiel prate wy oer de 'achterban', oftewol de minsken achter de riedsleden.

Hoefolle tiid kostet it om it riedswurk te dwaan? Trije oerkes per wike, miskien wol tsien? Hûnderten minsken stean foar de kommende ferkiezings op de list.

Hoefolle tiid kostet it om it riedswurk te dwaan? Trije oerkes per wike, miskien wol tsien? Hûnderten minsken stean foar de kommende riedsferkiezingen op de list. In grut part fan harren draait al efkes mei en wit wat der komme sil. Oaren binne hielendal nij en wer oaren komme werom yn de polityk, omdat se it net litte kinne. Mar hoefolle tiid stekt in riedslid yn Frjentsjerteradiel gemiddeld no yn it riedswurk en wat fernimt de famylje dêrfan?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)