Ferkiezingsdebat by de Omrop

13 maaie 2010 - 12:12

Omrop Fryslân stjoert op tongersdei 27 maaie in grut ferkiezingsdebat út mei de njoggen lânlike listlûkers. It docht dat mei RTV Noord en RTV Drenthe. It is foar it earst dat in grut lânlik debat útstjoerd wurdt troch regionale omroppen. It debat komt fanút it Academiegebou fan de Ryksuniversiteit yn Grins en begjint om fjouwer oere middeis.

It debat duorret twa oeren. Earst giet it oer lânlike saken, dêrnei oer regionale kwestjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)