Ferkiezings: Tytsjerksteradiel

13 mrt 2014 - 06:26
  • Gemeente Tytsjerksteradiel

Yn de oanrin nei 19 maart hat Omrop Fryslân wiidweidich omtinken foar de gemeenteriedsferkiezings. Ferslachjouwers binne fan moandei 10 maart ôf sân dagen lang op 'en paad yn de 21 ferkiezingsgemeenten. Watfoar politike kwestjes spylje dêr? Hoe komt it bygelyks mei de weryndieling of mei de leefberens yn de doarpen? Yn de gemeente Tytsjerksteradiel giet it oer de jongerein en de nestor.

Wat beweecht de jongerein om de polityk yn te gean en wêrom sit ien al mear as tweintich jier yn de ried? Is it net lestich om as jongere de polityk yn te gean? Der binne op dy leeftiid dochs hiel oare saken dêr't in jongere him mei dwaande hâlde wol. Dêrfoaroer stiet de nestor. By nije ferkiezings stelt de nestor him ek wer beskikber. Hoe lang moatte je trochgean yn de polityk? Is trije terminen net moai genôch? Dan soe de trochstream fan de jongerein ek better wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)