Ferkiezings PS: 13 partijen

19 jan 2011 - 15:22

Der dogge op 2 maart trettjin partijen mei oan de ferkiezings foar provinsjale steaten. It giet om CDA, ChristenUnie, D66, Feriene Lofts, FNP, GrienLinks, Partij voor het Noorden, Provinciaal Belang Fryslân, PvdA, PVV, SP, VVD en 50Plus. Feriene Lofts, PVV en 50Plus dogge foar it earst mei.

Fjouwer jier lyn diene ek de Partij voor de Dieren, deFriezen en de Nederlandse Klokkenluiders Partij oan de ferkiezings mei. Yn provinsjale steaten sitte acht politike partijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)