Ferkiezings by Omrop Fryslân

12 nov 2013 - 12:11

Goed ien tredde fan de Friezen mei woansdei 13 novimber nei de stimbus foar tuskentiidske gemeenteriedsferkiezings. Dat jildt foar de ynwenners fan de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean, Boarnsterhim en de nije gemeente De Fryske Marren (Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân). Oanlieding fan dizze ferkiezings binne in gemeentlike weryndieling en in gemeentlike fúzje.

Omrop Fryslân docht wiidweidich ferslach. Ferslachjouwers fan de nijsredaksje folgje de ûntwikkelings de hiele dei en dogge ferslach op radio, televyzje en ynternet.

Jûns is der op de radio fan 19:00 oere ôf in live-útstjoering mei gasten dy't prate oer nut en needsaak fan de weryndieling en mei reaksjes op de útslaggen. Ek binne der ferslachjouwers oanwêzich by de trije grutte ferkiezingsjûnen yn de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en De Fryske Marren.  

De ferslachjouwing dêrfan is fan 21:00 oere ôf ek te folgen op de ynternetstjoerder Omroplive.nl. Om 23:15 oere hinne sil de útstjoering ek op televyzje te sjen wêze, mei dêryn alle útslaggen en de earste reaksjes fan de gemeentlike listlûkers en oare fertsjintwurdigers.

Op tongersdei 14 novimber binne yn it radioprogramma Omrop Fryslân Aktueel tusken 06:00 en 09:00 oere ek wer in protte reaksjes op de útslaggen te hearren. Moarns om 08:00 oere is der op de televyzje in Hjoed Ekstra oer de ferkiezings. Jûns op televyzje in ekstra lange útstjoering fan Bynt, mei oan tafel politisy fan de winnende en ferliezende partijen. Sy sjogge werom op de ferkiezings, mar ek foarút nei de konsekwinsjes fan de útslaggen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)