Ferkiezings: Kollumerlân

12 mrt 2014 - 06:57
  • De boargemaster wol graach mear stimmers as yn 2010...

Foar Kollumerlân binne de gemeenteriedsferkiezings fan maart nei alle gedachten de lêste as selsstannige gemeente. De kommende jierren sil opnij in tal gemeenten yn elkoar opgean troch weryndieling. Hoe't de polityk dêr tsjinoan sjocht, is ien fan de ûnderwerpen dy't ferslachjouwer Hayo Bootsma bepraat mei trije listlûkers yn Kollumerlân. Mar ek de leefberens komt oan bod.

Sa praat Hayo mei Boerema (VVD) oer lytsskalige bedriuwen yn de doarpen, mei Bijleveld (CDA) oer de Foarstrjitte yn Kollum en mei Rekker (FNP) oer de bou fan hierwenten.

Yn de oanrin nei de ferkiezings fan 19 maart docht Omrop Fryslân de 21 gemeenten oan dêr't stimd wurde mei. Yn alle útstjoerings fan Omrop Fryslân Aktueel komme listlûkers oan it wurd oer foar har wichtige punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)